Roubannen en stilte foar ferstjerren Cambuur-ikoan Keimpe Vellinga

05 feb 2020 - 17:31

Sportklup Cambuur is in klup-ikoan kwytrekke. Feiligensman Keimpe Vellinga wie al langer siik en hy is 74 jier âld wurden. Yn 1988 is Vellinga by SC Cambuur kaam. Hy wie supporter en hat yn it ferline ek by de ploech spile. Vellinga hat by de klup as manager feiligenssaken wurke. Hy wie ferantwurdlik foar it stadion en de feiligens. Dêrneist wurke hy ek as teammanager.

It Cambuurstadion yn it jier dat Vellinga ôfskie naam - Foto: ANP

Neffens ferslachjouwer Geert van Tuinen hie Vellinga in bysûndere wize fan presintearjen. Hy hie in typyske trêd en hold alles goed yn de gaten. Dochs wie Vellinga neffens Van Tuinen net ûnferskillich: syn holle gie altyd troch en hy hie in eigen wil. Sa hat Vellinga wolris wedstriden ôfbrutsen, wylst de KNVB dêr noch net oan ta wie. Mar as it neffens Vellinga net koe, dan gie it ek net troch.

Man mei in eigen wil

Yn 2013 naam Vellinga ôfskie fan de klup, hy wie doe 25 jier yn tsjinst. Hy hat syn taken oerdroegen oan Sarah Tromp. Vellinga wie in echte Huzumer en naam ôfskie op syn karakteristike wize troch te sizzen: "Jonges, jimme gaan der in stik op foarút, want Sarah Tromp is 40 jaar jonger as ik."

Ta de neitins fan Vellinga dogge de spilers fan SC Cambuur roubannen oan en hâldt Cambuur in minút stilte foar de wedstriid tsjin MVV Maastricht.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen oer it ferstjerren fan Keimpe Vellinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)