SC Hearrenfean ferhiert Skovgaard oan Örebro SK

SC Hearrenfean ferhiert ferdigener Andreas Skovgaard foar de rest fan it jier oan de Sweedske klup Örebro SK. De Deen kaam ferline jier oer fan it Deenske FC Nordsjælland, mar kaam net oan spyljen ta by it earste fan SC Hearrenfean.
Andreas Skovgaard © www.orangepictures.nl
By Örebro SK kin de 22-jierrige spiler op it heechste nivo yn Sweden spylje. Neffens technysk manager Gerry Hamstra is it moai dat Skovgaard ferhierd wurde kin. "Het avontuur van Andreas bij ons is vooralsnog niet geworden waar we op hadden gehoopt. Een verhuurperiode aan Örebro SK is voor nu een mooie oplossing. We wensen Andreas veel succes in Zweden."
De transfermerk yn Sweden is noch oant en mei maart iepen, omdat it seizoen dêr pas begjin april wer úteinset.