Boargerinisjatyf bringt minderheidstalen op Europeeske aginda

05 feb 2020 - 17:05

Lang om let sil de Europeeske Kommisje sjen nei in bettere beskerming fan lytse talen, wêrûnder it Frysk. De minderheden hawwe dat foarinoar krige mei in boargerinsjatyf. Al fiif jier besiket de Federal Union of European Nationalities (FUEN) de beskerming fan lytse talen op de aginda te krijen. De Ried fan de Fryske Beweging is ek oansluten by de FUEN.

Minority Safe Pack - Foto: FUEN

By dat Europeeske boargerinisjatyf, dat de nammen 'Minority SafePack' krigen hat, binne mear as 1,1 miljoen hantekens ophelle, wêrûnder 3213 yn Nederlân. Yn it inisjatyf wurdt ûnder oare frege om mear Europeesk belied foar minderheidstalen lykas it Frysk.

Sa'n boargerinisjatyf is fan belang omdat de regio's sels in soad regelje kinne, seit Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging. Hy hat fan it begjin ôf by it boargerinisjatyf belutsen west.

Bettere sichtberens

"Op Europeesk nivo is der wol mear omtinken foar de regio's. Yn Den Haag by de minister krije wy ek in goed harkjend ear. Mar it giet derom hoe't jo dat 'mear omtinken foar minderheidstalen' hannen en fuotten jouwe. Sa kin de sichtberens fan it Frysk folle better." Bergsma tinkt dêrby oan Frysk yn de rjochtbank en by de gemeente Ljouwert.

As jo op it gemeentehûs komme dan is it allegearre Nederlânsk wat foar master opslacht.

Pier Bergma, Ried fan de Fryske Beweging

Bergsma: "As jo op it gemeentehûs komme dan is it allegearre Nederlânsk wat foar master opslacht. Gjin Frysk en dat foar in stêd dy't yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wie."

Bergsma hat wol in idee wêom't it allegearre sa lang duorret: "Guon steaten hawwe der gjin belang by se hâlde tsjin dat it op de kaart komt. Tink mar oan in lân lykas Frankryk, Dêr wurdt ek Bretonsk praat, mar alles wurdt yn Frankryk sintraal regele en dan is de taal it Frânsk", seit Bergsma.

De Europeeske Kommisje moat no binnen seis moanne witte litte wat se mei it boargerinisjatyf dogge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)