Undersyk nei ynsidinten rjochtbank Noard-Nederlân yn maart los

05 feb 2020 - 15:47

In ekstern en ûnôfhinklik bedriuw sil ûndersyk dwaan nei de wurksituaasje by de rjochtbank Noard-Nederlân. Dizze wike is der in oanbestegingstrajekt úteinset en begjin maart moat dúdlik wêze hokker bedriuw it ûndersyk útfiere sil.

Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn 2019 hawwe der in fiiftal ynsidinten west by de rjochtbank, Dy sille ûndersocht wurde. Sa waard in krityske rjochter weromfluite doe't er in kollum op it ynterne netwurk fan de rjochtbank pleatst hie. Fierders stapten trije managementassistinten tagelyk op. En yn oktober 2019 lei de presidint fan de rjochtbank har funksje del.

Njonken de ynsidinten sil it ûndersyksburo ek sjen nei de organisaasjekultuer en nei de eventuele gefoelens fan ûnfeiligens by meiwurkers. It ûndersyk moat foar de simmer klear wêze.

Waarnimmend rjochtbankpresidint Herman van der Meer hat alle meiwurkers fan de rjochtbank op de hichte brocht oer wat it buro krekt ûndersykje sil. De ûndernimmingsried is akkoart gien mei de opdracht en ek de fakbûnen binne ynljochte.

(advertinsje)
(advertinsje)