Farmers Defence Force hellet út nei partijen bûten Landbouw Collectief

Lânbouminister Carola Schouten hat bekend makke dat it kabinet tydlik ophâldt mei de petearen mei it Landbouw Collectief. Dat binne fertsjintwurdigers fan ferskate boere-organisaasjes. It beslút is nommen om't Farmers Defence Force in berjocht nei bûten brocht hat wêryn't sy úthellet nei partijen dy't bûten it kollektyf om mei Schouten prate soene en harren sektor dêrmei 'ferriede.' Schouten wol dat sy it parseberjocht earst wer ynlûke.
Farmers Defence Force hellet út nei partijen bûten Landbouw Collectief
De partijen dêr't Farmers Defence Force oer skriuwt binne 'vleesbazen, de zuivelbobo's, de voerboeren, de bankiers en zelfs gevestigde orde belangenbehartiging.' Farmers Defence Force neamt dizze partijen 'de landbouwperiferie.' De boere-aksjegroep skriuwt: "Allemaal mogen ze binnen nu en een paar dagen langskomen bij Schouten om als een Judas de sector te verraden."

FDF fielt him ferret

Neffens Farmers Defence Force mei it net sûnder straf barre dat der om it Landbouw Collectief hinne sprutsen wurdt. Farmers Defence Force driget dat as bestjoerders fan de troch harren neamde 'landbouw periferie' in deal meitsje mei it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit, sy 'out' binne.
Premier Rutte foar it petear mei it Landbouw Collectief en minister Schouten © ANP
Farmers Defence Force skriuwt: "Realiseer je dat je in dienst bent van de boeren en niet omgekeerd! Er is maar één club die de zaken voor de boeren regelt en dat zijn de boeren in het Landbouw Collectief zelf."

Gjin basis om fierder te praten

Premier Mark Rutte fynt dat dizze situaasje net in basis is om fierder te praten. Hy wol dat Farmers Defence Force earst sels ris om tafel giet. Lânbou-organisaasjes as de LTO en de Nederlandse Melkveehouders Vakbond hawwe oanjûn net efter te wurden fan Farmers Defence Force te stean.
FDF-wurdfierster Sieta van Keimpema fan Nes wol op dit stuit noch net in reaksje jaan.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de brief en de petearen mei de lânbouminister