Sjinkie Knegt makket grutte kâns op seleksje foar wrâldbeker yn Dordrecht

De kâns is reëel dat shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea healwei dizze moanne meidocht oan de finales fan de wrâldbeker yn Dordrecht. Dat meldt it reedrydbûn KNSB. It soe dan foar it earst sûnt syn ûngelok yn jannewaris fan ferline jier wêze, dat Knegt diel útmakket fan de seleksje.
Sjinkie Knegt © www.orangepictures.nl
Oft Knegt echt meiride mei, wurdt snein dúdlik. Dan wurdt de definitive seleksje bekend makke. By de manlju steane ûnder oaren de Friezen Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat op de dielnimmerslist, by de froulju Suzanne Schulting en Rianne de Vries.
Sjinkie Knegt bedarre yn jannewaris 2019 mei slimme brânwûnen yn it sikehûs. Syn klean wiene yn de brân flein, doe't hy thús yn Bantegea de houtkachel oanstekke soe.