Borna Simic (13) wol nije Beethoven wurde

05 feb 2020 - 15:03

De 13-jierrige Borna Simic út Ljouwert wol in echte Beethoven wurde. Dat is syn grutte dream. Twa jier ferlyn begûn er mei piano- en oargelspyljen. It jonge talint sil takom wykein foar it earst meidwaan oan it Prinses Christina Concours yn Grins.

Op syn 11e krige er in fassinaasje foar klassike muzyk. Beethoven wurdt syn grutte foarbyld. "Ik wil echt zoals Beethoven zijn. Ik probeer op hem te lijken door er hard voor te werken", sa seit Borna.

Hy oefenet in soad om tichtby syn idoal yn 'e buert te kommen. De menistetsjerke is syn favorite plak dêr't er op jûntiden oeren achterinoar op it tsjerke-oargel spilet. Allinnich yn it tsjuster. De stikken spilet er út de holle. Syn hier hat er groeie litten. Ek om't er it moai fynt, mar ek om't er dan mear op Beethoven liket.

Borna fielt him troch de klassike muzyk en syn nijsgjirrigens nei it libben fan Beethoven wol wat oars as oare bern fan syn leeftiid. Miskien komt it ek om't syn heit en mem út Kroäsië komme. Borna is yn Ljouwert berne, mar praat thús foaral Kroätysk. Fryslân is wol syn thús, al hat Kroäsië in spesjaal plak yn syn hert.

Ik wil echt zoals Beethoven zijn. Ik probeer op hem te lijken door er hard voor te werken.

Borna Simic
Foto: Omrop Fryslân

Borna is by steat om stikken fan Bach en Beethoven te spyljen en dat is foar my as dosint moai om mei te wurkjen.

Jochem Schuurman, oargelspiler Martinitsjerke Frjentsjer

Borna hat himsels it pianospyljen oanleard. Mei help fan ynternet en in keyboard learde er stikken fan grutte masters út 'e holle. Yntusken kriget er les fan Jochem Schuurman, oargelspiler fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer: "Borna is yn staat om stikken fan Bach en Beethoven te spyljen en dat is foar my as dosint moai om mei te wurkjen". Goed noaten lêze koe Borna net en dêr helpt Schuurman him mei.

Saken as timing en touché hie Borna wol al, dus dêr hoecht Schuurman net folle oer út te lizzen. Borna is neffens him seker in talint. De measte talintearre bern begjinne neffens Schuurman earder mei spyljen, mar dat seit neat oer hoefier't Borna komme kin yn 'e klassike muzk. Borna wol yn de takomst nei it konservatoarium.

Foto: Omrop Fryslân

Borna is in talint, dy skopt it fier, en dy wol ik graach by ús ha.

Tjipke Bloemhof, oargelspiler

Oargelspiler Tjipke Bloemhof fan de Groate Kerk yn Sint-Jabik komt efkes del yn de menistetsjerke yn Ljouwert. Hy fynt it altyd prachtich om nei Borna te harkjen. "Borna is in talint. Dy skopt it fier, en dy wol ik graach by ús hawwe", seit Bloemhof.

Dêrom hat er Borna mei in Fryske pianiste fan 19 útnûge om yn de tsjerke fan Sint-Jabik te kommen om te spyljen. Op 29 maart sil dat heve.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman gie mei Borna nei de tsjerke dêr't er alle wiken spilet

It Prinses Christina Concours is in wedstriid klassike muzyk foar bern. Der binne ferskate regionale foarrondes. Dit wykein is de foarronde fan Noard-Nederlân. Borna sil sneontemiddei it stik Toccata en Fuga BWV 914 in e fan Bach spylje.

(advertinsje)
(advertinsje)