UPDATE: Skipsbrân oan de Keningswei yn Harns ûnder kontrôle

05 feb 2020 - 14:33

De skipsbrân oan de Keningswei yn Harns is ûnder kontrôle. Neffens de brânwacht stie nei alle gedachten de oalje fan de motor yn 'e brân. Der kaam aardich wat reek frij by de brân. Mar troch rap te hanneljen koe de brânwacht it fjoer ek gau útmeitsje.

Foto: Kappers Media

De brânwachten fan Harns en Frjentsjer wiene mei meardere weinen nei de brân ta om it fjoer út te meitsjen. Sy soene dêrfoar ek gebrûk makke hawwe fan oaljeskermen.

Trefwurden: 
Harns skipsbrân Keningswei
(advertinsje)
(advertinsje)