UPDATE: Helptsjinsten helje frou mei scootmobyl út Van Harinxmakanaal yn Ljouwert

05 feb 2020 - 16:24

Yn Ljouwert is woansdeitemiddei om 13:35 oere in persoan yn it wetter fan it Van Harinxmakanaal bedarre. It slachtoffer is in 65-jierrige frou. Sy ried mei har scootmobyl oer it paad neist It Van Harinxmakanaal, by de strjitte Ereprijs.

Foto: CAMJO Media

De frou rekke mei ien tsjil yn de berm. Sy skrok en yn stee fan remjen, joech se gas en ried sa it kanaal yn. Twa omstanners fan 70 en 68 jier hawwe de frou nei de kant ta helle yn ôfwachting fan help. De plysje hat de frou nei de kant lutsen, wêrnei't se mei de ambulânse nei it MCL brocht is, fanwege ûnderkuolling.

De brânwacht fan Ljouwert hat de scootmobyl fêstlizze kinnen sadat dy burgen wurde koe. De plysje hat de tas fan de frou te pakken krije kinnen, foardat dizze nei de boaiem sonk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)