Sander Arends ferliest ek yn earste ronde yn Yndiaaske stêd Pune

05 feb 2020 - 13:49

Tennisser Sander Arends is der net yn slagge om de twadde ronde te berikken fan it ATP-toernoai yn it Yndiaaske Pune. De Ljouwerter gie, mei syn fêste dûbeldmaat David Pel, yn in tige spannend duel mei 7-6 3-6 en 8-10 ûnderút tsjin Robin Haase en de Sweed Robert Lindstedt.

Foto: Orange Pictures

Tsjinstanners Haase en Lindstedt binne yn Pune as earste pleatst. Yn totaal makken sy yn de hiele wedstriid mar fjouwer punten mear as Arends en Pel. In supertiebreak moast úteinlik de beslissing bringe.

It toernoai yn Pune wie foar Arends it slotstik fan fiif wiken yn Australië en Azië. Hy die dêr ûnder oare mei oan it grutte Australian Open. Yn Yndia die er foar it earst wer mei mei David Pel, de Amsterdammer mei wa't Arends it grutste part fan dit jier gearwurkje wol.

Takom wike stiet yn Rotterdam it World Tennis Tournament op it programma. Op dit stuit is noch net wis oft Arends dêroan meidwaan kin.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)