Bekladde Lemster oarlochsgrêven wer skjin

05 feb 2020 - 12:27

De trije oarlochsgrêven op it âlde begraafplak op De Lemmer, dy't earder bekladde wienen mei graffity, binne wer skjin. It foel noch net ta om de ferve fan de grêfstiennen te krijen.

Behearder Ruurd Hoekstra wit noch neat te melden oer mooglike dieders. "Ik tink dat it jeugdige persoanen wienen, want se ha in soarte fan smileys spuite, gelokkich op de achterkant." Neist de stiennen binne ek de tagongsstekken en in pear beammen bekladde mei de wite ferve.

"Dat docht wol wat mei je"

"Dat it om oarlochsmonuminten giet, makket it dûbeld tryst. Hjir lizze Amerikanen en Kanadezen, piloaten en militêren. Dat docht wol wat mei je. Soks is net te beskriuwen."

De grêven op De Lemmer - Foto: Gemeente De Fryske Marren

It skjinmeitsjen foel noch net ta. "It is fan kalksânstien, we ha der in spesjalisearre bedriuw foar frege om de sêfte stien skjin te meitsjen."

Hoekstra hat soks net earder meimakke en hopet it ek net wer mei te meitsjen. "We ha 18 begraafplakken yn de gemeente. Ik bin suver angstich dat it dêr ek bart, mar watfoar maatregels kinst nimme? De tagong moat frij bliuwe en we kinne net alles kontrolearje."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de grêven

"Freeslik tryst"

"No, dit is tryst, freeslik tryst," seit Neri Reijenga fan de lokale 4 maaie-kommisje. Reijenga is de ôfrûne tiid drok dwaande mei it libjend hâlden fan it oantinken oan de oarloch. Dat dit bart, is foar har in grutte skok. "Je soene der hast mismoedich fan wurde", seit se. "Dizze minsken ha sa'n protte foar ús dien, moatst se dan sa werombetelje?"

Neffens Reijenga ha de minsken dy't de grêven bekladde ha gjin fierdere bedoelingen. "Mar it is wol hiel nuver dat it no krekt mei de betinkingen bart. Ik tink dat it gewoan fandalisme is. Hooplik fine se de minsken dy't it dien hawwe, dan kin se straft wurde."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Neri Reijenga fan de 4 maaie- kommisje oer it fandalisme

Trefwurden: 
De Lemmer grêfstien bekladde
(advertinsje)
(advertinsje)