Gemeenten en UWV springe by mei jild foar timmeroplieding

05 feb 2020 - 12:17

De oplieding foar timmerlju op It Hearrenfean is yn alle gefallen foar it kommend jier feilichsteld. De Fryske gemeenten en it UWV stelle jild beskikber. It wurdt hieltyd lestiger om goede wurkleazen te finen foar de oplieding. Fanwege de legere wurkleasheid binne der minder gadingmakkers. Dejingen dy't harren opjouwe, hawwe in langere oplieding nedich en dat kostet jild.

Foto: Technopark It Hearrenfean

By it Technopark op It Hearrenfean wurde alle jierren tusken de tweintich en fjirtich wurkleazen en sydynstreamers oplaat. De praktykoplieding duorre sawat twa moanne. De dielnimmers leare masinale houtbewerking, houtskeletbou en montaazje. Se kinne dan dakken, flierren en prefabûnderdielen meitsje. Nei de oplieding gean se oan de slach by ien fan de 25 Fryske timmerfabriken en boubedriuwen.

De bousektor betelle dy oplieding oant no ta sels. Mar op dit stuit is de wurkleasheid leech. De minsken dy't noch wol in baan sykje, stean wat fierder fan de arbeidsmerk ôf. Sy hawwe in langere oplieding nedich en dat is djoerder. De Fryske gemeenten en it UWV springe no by, sa stiet yn in oerienkomst dy't woansdei ûndertekene wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)