Yn Dokkum is in noch âlder riedshûs ûntdutsen

05 feb 2020 - 12:10

Dokkum hat al folle earder in riedshûs hân as oant no ta tocht waard. Oant no ta wie altyd oannommen dat it earste riedshûs oan de Heechstrjitte stie. Dêrnei is it bekende stedhûs op De Zijl yn gebrûk nommen.

De histoaryske feriening Noardeast-Fryslân wie ferrast doe't se it pân oan de Heechstrjitte 2 ûndersochten. Dat wie it pân dêr't no hoarekagelegenheid Artisante sit, flakby it hjoeddeistige riedshûs. De ûntdekking is dien troch Piet de Haan en Warner Banga, beide lid fan de histoaryske feriening.

"Wy ha ûntdutsen dat yn dit pân oant 1590 de ried fan Dokkum fergadere, en dat dit it stedsriedshûs wie", fertelt Piet de Haan. "It earste fan Dokkum dus. We kamen derachter troch dokuminten te lêzen, lykas ferkeapbrieven. It wie in moaie ferrassing."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Der is neat mear fan te sjen, inkeld in put dy't yn de âlde stikken beskreaun stiet. Dy is der noch wol, mar is ôfdutsen.

"It lit it begjin fan de skiednis fan Dokkum sjen, nei de oanlis fan de bolwurken. It jout oan dat de stêd ambysjes hie. Want se binne al gau nei in grutter gebou mei in toer ferhuze."

Boppe de doar is de tekst 'Tot 1590 was hier het Stadsraethuijs gevestigd' skildere om de skiednis fan it gebou sichtber te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Piet de Haan

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)