Friezen spylje OKT iishockey mei Oranje foar Peking 2022

05 feb 2020 - 11:00

Mar leafst seis spilers én de haadcoach Mike Nason fan de UNIS Flyers spylje de kommende dagen mei Oranje op in spesjaal kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Winterspelen yn 2022 yn it Sineeske Peking. Yn de haadstêd Nur-Sultan spilet Oranje tsjin gastlân Kazachstan, Poalen en Oekraïne.

Lars den Edel (Flyers) - Foto: Martin de Jong

Trije kwalifikaasjetoernoaien

Mei Lars den Edel en Jord Smit fan Grou spylje twa Friezen mei by Oranje. Oare spilers fan de Flyers dy't ek foar Oranje útkomme, binne doelman Martijn Oosterwijk, forwards Jasper Nordeman en Ronald Wurm en ferdigener Niels van der Vossen.

De wei nei 'Peking' is lang, de seleksje moat mar leafst trije 'OKT toernoaien' oerlibje foardat se har kwalifisearje kinne foar de Spelen yn 2022. Yn 2019 wie Nederlân al de sterkste op it earste kwalifikaasjetoernoai mei Taiwan, Meksiko en Spanje.

Nederlân is lyts yn de ynternasjonale iishockeywrâld. Grutmachten as Kanada, Ruslân en Amearika binne automatysk al pleatst foar de Olympyske Spelen. Om dat klear te krijen moat Oranje trije kear in OKT oerlibje. "Toch zijn wij niet minder gemotiveerd voor dit toernooi," seit oanfaller Lars den Edel. "Het blijft een eer om voor oranje uit te komen."

Dêr komt er ek syn haadcoach by de Flyers Mike Nason tsjin dy't by de Nederlânske iishockeyers de assistint-coach is. "Natuurlijk is dat fijn voor mij dat ik hem goed ken. Dat helpt wel mee."

Foto: www.dijksfotografie.nl

OKT yn Nur-Sultan (earder Astana), Kazachstan

Tongersdei 6 febrewaris, 10:00 oere: Poalen - Nederlân

Freed 7 febrewaris, 19:30 oere: Kazachstan - Nederlân

Snein 9 febrewaris, 8:00 oere Nederlân - Oekraïne

Lake Placid 1980

Kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen is foar Nederlânske iishockeyers net folslein ûnmooglik. It slagge Oranje yn 1980 op de Spelen fan Lake Placid. Doe waard Nederlân njoggende fan de tolve dielnimmende lannen. Dy prestaasje wie histoarysk.

(advertinsje)
(advertinsje)