Al tsien jier in waarmtepomp: "De houtkachel ha we noch noait brûkt"

As alternatyf foar gas is in waarmtepomp in opsje. Dêr binne de mieningen wolris oer ferdield, it soe in soad leven meitsje. Romke en Thea Kinderman hawwe al mear as tsien jier in waarmtepomp. Under de stâl fan har melkfeebedriuw yn Aldtsjerk is in trije kilometer lange slang oanlein dy't oansletten is op it waarmtesysteem yn hûs.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"Doe't we tsien jier lyn in folslein nij bedriuw en hûs bouwe koenen, seinen we: we wolle eins fan it gas ôf. Dat wie doe noch hielendal net sa belangryk, mar dy mooglikheid woenen we besykje", fertelt Romke Kinderman.
Under de stâl is in horizontaal waarmtepompsyteem oanlein. "Meastentiids binne sokke pompen fertikaal en helje se grûnwetter út de grûn, mar wy ha dus in grut gat groeven mei trije kilometer oan slangen. Dat wie wol in hiele put, mar ik hoegde it gelokkich net sels te dwaan." Yn de slangen sit kuolfloeistof, itselde as wat yn auto's sit.
Om't de stâl dêrboppe-opboud is, ha se sa'n ein dien. "Je kinne der ommers noait wer by. Achternei hie it wol mei minder kinnen, mar safolle wie der doe net oer bekend."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei Romke en Thea Kinderman (1)
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Sokken oan yn de simmer

"Wy binne hiel tefreden", fertelt Thea Kinderman. "We ha foar de wissichheid in houtkachel, mar dy ha we noch noait brûkt. It wurket perfekt, it is lekker waarm yn de hûs. It is in konstante temperatuer, hy stiet ynsteld op 21 graden. We komme der noait oan. En as it bûten waarm is, dan kuollet it systeem it hûs, dat is ek noflik." "Dan hawwe we de dikke sokken oan", follet har man follet oan.
De waarmtepomp stiet boppe en makket in brommend lûd. De famylje is deroan wend. "We hearre him hielendal net, it is net steurend." Se ha der gjin ûnderhâld oan hân yn de lêste tsien jier.
Foar de wissichheid ha se ek in gaslieding oanlizze litten, mar se binne noch hieltyd net op it gas oansletten.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei Romke en Thea Kinderman (2)