Douwe de Vries en Reina Anema ride wrâldbeker yn Kanada

05 feb 2020 - 10:27

De Fryske reedriders Douwe de Vries en Reina Anema sille ride op de wrâldbeker yn Kanada. Se ferfange kommend wykein yn Calgary oare riders dy't guon ôfstannen oerslaan om't se har tariede wolle op it WK ôfstannen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Douwe de Vries sil de 1500 meter ride. Reina Anema rydt de 3 kilometer as ferfanging foar Ireen Wüst. Dy lêste wol har krêften sparje om't se op it WK yn Salt Lake City net inkeld de wrâldtitel op de 1500 meter helje wol, mar ek it wrâldrekôr.

It WK yn Salt Lake City is fan 13 oant en mei 16 febrewaris.

(advertinsje)
(advertinsje)