Asbest dumpt op It Bilt

14 nov 2011 - 10:10

De gemeente It Bilt en de plysje dogge ûndersyk nei yllegaal dumpt asbest. Begjin dizze moanne is oan de Koudewei en de Súdhoekstermiddelwei by Sint Anne asbest fûn. It oprêden dêrfan kostet 10.000 euro. De gemeente wol dy kosten ferhelje op de feroarsaker, mar dy is noch net fûn.

Minsken dy't wat sjoen hawwe fan de asbestdumping wurdt frege kontakt op te nimmen mei de gemeente.

(advertinsje)