Kollum: "Raze!"

05 feb 2020 - 08:34

"As de boeren net op trekkers nei Den Haag gien wiene, hie it grutste part fan dit lân net iens witten dat boeren bestean. Ik bedoel: je moatte roppe om heard te wurden. Fryslân is op 't heden fiersten en fierstente stil.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Doe't amtners fan de provinsje fanwege Lelystêd nei de fergunningen yn de loft seagen, ornearren se dat dy âlde, noait mear brûkte, leechfleanrûte fan Anjum nei Meppel wol skrast wurde koe. Witte jim wat it ministearje sei: Nee, dy bringe we wer ta libben, moai foar de F-35's. 75 Meter boppe de grûn, dwers troch de Bonnematoer hinne.

De bek foel ús allegear iepen, mar dat wie 't dan ek. Der kaam gjin lûd út. No, ja Sijbe Knol fan de FNP hie in hantekenaksje. Yn it wykein wiene der al hast 2000 hantekens set. Sijbe wakker grutsk, mar wit hy wol dat hjir 650.000 minsken wenje? De FNP tsjinne yn de ried fan Achtkarspelen ek in moasje yn. No, no. It moat net raarder. Slimmer wie dat we neat fan de oare politike partijen hearden.

Ja, dy seinen dat se it wol regelje soenen mei de hegere 'mieters' yn harren partijen. Mar ik tink dat Saskia van Westhreenen fan de de LC derfoar soarge hat dat de steatssiktaris no seit dat de safolste amtner net wol dat de befolking wat fynt. Dat hie net moatten sei se. Likegoed bliuwt it rigeltsje stean. Ek nei justerjûn yn de Twadde KJeamer, doe't de grutte partijen oan it wurd kamen. Der is echt neat wûn. Want we meitsje fierstente min leven

Dat meitsje de F-35's op de fleanbasis Ljouwert echt wol. Op Twitter ha de minsken dy't dêromhinne wenje ûnder de namme "Geluidsmeetnet rondom vliegbasis Leeuwarden" dêr deistich hiele negative berjochten oer. Se mjitte alles sels nei. Se fertelle ús dat it delkommen fan in F-16 sa'n 80 desibel opsmyt en in F-35 105 desibel. 80 is in wekker, dat is al hinderlik; 105 de grutte trommel fan in dakkapel, dan kinne je al neat mear sizze. Boppedat rint in kapel foarby, mar komme der alle dagen fleantugen del. Ek noch faker as oars al, sa seit it 'geluidsmeetnet'.

Wy dogge der neat mei. Ik tink dat ús bestjoerders it net iens lêze. As der wer klachten komme, sille se wol sizze: ferwurkje dat mar yn in wittenskiplik rapport en kom oer fiif jier mar wer. Dan binne hjir yntusken 80 F-35's, 80 kear dy grutte trommel, dat is...n o ja, dan binne we al lang ferhûze. Drones boppe de fleanbasis, oant dy ôfbrutsen wurdt.

Ik sil jim in oar ferhaal fertelle. Oer dat we der algeduerigen mei syn allen nei frege ha, mar dat it regear no seit dat de eventuele skea by ierdbevings by de lytse gasfjilden yn Fryslân net op deselde wize ferwurke wurde sil as no yn Grins. Dat wy dus earst noch mar bewize moatte dat soks fan gas of sâlt kaam is. Witte jim wat deputearre Douwe Hoogland sei? It is net oars.

Ik hie in grut betrouwen yn Douwe, mar dat is no yn ien kear fuort. We stean al ta dat se hjir noch hieltyd oates en toates yn de grûn omwrotte. As Grins ticht giet, wêrom moat dat gas hjir wei komme? Dat moatte we net tastean.

We binne der noch net. As we mei syn allen graach wolle dat dy grutte frachtskippen net mear sa ticht boppe de eilannen lâns farre, dan mei it net sa wêze dat de minister ûndersiket hoe't dat moat en dan seit: ja dat kinne we net alinnich dwaan, dat moat mei Dútslân en dêr ha 'k gjin sin oan. Utsein Lutz Jacobi is net ien yn it gewear kaam.

Wêr't de barrikaden binne, dat wit ik net, mar we moatte derop. Roppe en raze. Balte en skreauwe. Stampe en fechte. Dêr binne genoch wurden foar. En it spandoek is simpel: Grûn, loft en wetter binne fan ús.

As ik dat sa sis, betink ik ynienen: dat is in FNP-spandoek. Tsja, dan moatte se dochs mar yn de Twadde Keamer. Ienlingen meitsje dêr trouwens ek mear leven as grutte fraksjes. Mar tink der dan wol om, gjin sprút begryp toane. Noait! Bliuw roppen en razen!!!"

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)