Frysk kenteken dûkt op yn moardsaak fan advokaat Derk Wiersum

04 feb 2020 - 22:26

Autoferkeaper Harm van der Veen yn Drachten krige ferline jier in nuver tillefoantsje fan de plysje: in auto dy't by him op it terrein stie, soe brûkt wêze by de moard op advokaat Derk Wiersum. De likwidaasje fan de advokaat fûn plak op 18 septimber 2019.

It ferhaal begjint yn Drachten by it bedriuw Hvauto.nl fan Harm van der Veen. Fan ien fan de auto's dy't te keap stie kamen der augustus ferline jier ynienen parkearbonnen út Amsterdam binnen . Ek wie der in kear te hurd riden: kosten 250 euro. En dat wylst de auto net fan it terrein ôf west hie, tocht eigener Van der Veen.

Kenteken kopiearre

Nei kontakt mei de plysje yn Drachten en Amsterdam kaam hy der efter dat it kenteken kopiearre wie troch in stel kriminelen dy't it op in likense auto plakt hiene, de saneamde 'duplo-methode'. Fia in part fan it kenteken yn kombinaasje mei it merk fan de auto kamen se op de auto fan Van der Veen út.

Foutsje fan de plysje

It kenteken kaam letter boppedriuwen yn de saak fan de moard op advokaat Derk Wiersum. Nei't de plysje it dossier úteinlik sletten hie, ferkocht Van der Veen de auto oan in klant út Den Helder.

Doe die bliken dat der noch in pynlik ein oan dit ferhaal kaam, want doe't de nije eigener nei hûs ried, waard hy op de Ofslútdyk troch de plysje tsjinholden en arrestearre. De plysje hie it dossier blykber net goed ôfsletten en joech letter ek dizze fout ta.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ferslachjouwer Willem de Vries by autoferkeaper Harm van der Veen

(advertinsje)
(advertinsje)