Steatssekretaris Visser achtet kâns lyts dat leechfleanrûte wer iepensteld wurdt

04 feb 2020 - 22:07

De kâns is lyts dat de leechfleanrûte boppe eastlik Fryslân wer yn gebrûk naam wurdt. Dat seit steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje. Yn de Twadde Keamer waard tiisdei praat oer de leechfleanrûtes fan de F-35.

Steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje mei FNP-steatelid Sijbe Knol - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De rûte boppe eastlik Fryslân is yn 2002 sletten fanwege lûdsoerlêst en fanwege de feiligens om Drachten hinne, dêr't ek in fleanfjild is. De fraach oer it mooglik opnij yn gebrûk nimmen fan de rûte hinget boppe tafel sûnt in notysje fan Definsje ûntdutsen is. Dêr stiet yn dat de loftmacht dat wol wol en dat hat foar opskuor soarge by de Fryske steateleden.

Opskuor

Steatssekretaris Barbara Visser fynt it spitich dat der sa'n opskuor ûntstien is. Neffens har sil de rûte net samar iepengean. "Ik acht die kans zeer klein", seit Visser. "De situatie van 2002 geldt voor mij nog steeds. De reden om te stoppen was geluidsoverlast, en ook de veiligheid rondom Drachten. Dat zijn wat mij betreft nog steeds de randvoorwaarden die gelden."

De steatssekretaris fan Definsje wol de leechfleanrûte net definityf skrasse. "Omdat ik er ook verantwoordelijk voor ben om ervoor te zorgen dat de luchtmacht haar werk kan doen in Nederland." As de loftmacht oanjout dat se de rûte dochs brûke wol, sil se dêr ek serieus nei sjen, seit Visser.

Definsje hat oanjûn der op dit stuit gjin ferlet fan te hawwen om de leechfleanrûte boppe Fryslân wer yn gebrûk te nimmen.

Steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje oer de leechfleanrûte

Fryske steateleden oanwêzich

By it petear fan de fêste keamerkommisje oer de leechfleanrûte fan de F-35 wienen ek trije Fryske steateleden oanwêzich. Sijbe Knol fan de FNP wie ien fan harren. Hy is bliid dat it ûnderwerp op de politike aginda kaam is. Knol: "Dat is slagge en dat is allegear moai en aardich. Mar no moat der ek wat gebeure, en dat is wissichheid foar de ynwenners fan Fryslân. Dat is wat ús betsjut, de definitive opheffing fan de rûte. No, en dy lûden binne hjir ek."

Sijbe Knol fan de FNP foarôfgeand oan de taspraak fan steatssekretaris Barbara Visser

(advertinsje)
(advertinsje)