Nije dykgraaf Wetterskip Fryslân Luzette Kroon beëdige

05 feb 2020 - 06:40

Luzette Kroon is tiisdeitejûn beëdige as nije dykgraaf fan Wetterskip Fryslân. Sy folget Paul van Erkelens op, dy't begjin dit jier mei pensjoen gien is. Sy is de earste froulike dykgraaf yn Fryslân.

Neffens Kroon moat it wetterskip de gearwurking opsykje. "Wetterskip Fryslân staat middenin de samenleving en kan haar taak alleen uitvoeren in verbinding met boeren, burgers, bedrijven en overheden. Alleen samen kunnen we slimme, grensverleggende oplossingen vinden voor een veilige en leefbare omgeving. Nu en in de toekomst. Daar zet ik mij graag voor in!'

Kroon is troch de Kroan beneamd foar in perioade fan seis jier. Sy wie earder bestjoerslid fan it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier en boargemaster yn gemeenten Waterland en Drechterland.

Luzette Kroon

Foto: Daniël Hartog
(advertinsje)
(advertinsje)