OWO-gemeenten stelle earste mienskiplike beliedsplan foar fergunningferliening fêst

Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân ha harren earste mienskiplike beliedsplan foar it ferlienen fan fergunningen fêststeld. De trije saneamde OWO-gemeenten wurkje gear foar in hegere kwaliteit en in bettere tsjinstferliening. Ek is it de bedoeling dat se minder kwetsber wurde en besparje kinne op de kosten.
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeenten ha in mienskiplike ôfdieling opset foar fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening. Mei it nije beliedsplan foldogge se oan harren wetlike ferplichtingen om aktueel belied te hawwen. Nettsjinsteande de gearwurking bliuwt maatwurk mooglik neffens de OWO-gemeenten.
Der sil mear tafersjoch komme op natuer foar it behâld fan in griene leefomjouwing. Ynwenners kinne ek makliker in melding meitsje as se fine dat der wat net yn 'e oarder is. De gemeenten sette fierders yn op duorsumens en it bestriden fan kriminaliteit.