Seehûn op It Amelân út net befrijd nei lange rêdingsaksje

04 feb 2020 - 21:11

It Reddingsteam Zeedieren op It Amelân hie tiisdeitemoarn in grutte put: in grize seehûn wie yn in net betize rekke. Der moast hiel wat oan te pas komme om it bist te befrijen.

Foto: RTZ & Dierenambulance Ameland

It befrijen fan de seehûn wie foaral lestich, omdat it bist agressyf waard. "De zeehond was angstig en daardoor agressief. Het dier lag op de rug, met de tanden bloot. Je moet niet gebeten worden want dan heb je een groot probleem", fertelt Tames Knoeff fan de diere-ambulânse. Ek wie de ambulânsewein net beskikber. "Dat zul je altijd zien, op het moment dat je zoiets hebt, was de dierenambulance in onderhoud. Dus we hadden een vervangende dierenambulance die niet op het strand kon."

De seehûn waard nei in pear oeren dochs befrijd. "Met een hondenvangstok konden we hem vastzetten, toen konden we hem eindelijk bevrijden. Dat heeft maar vijf minuten geduurd, maar we waren ondertussen wel twee uur verder."

Tames Knoeff fan de diere-ambulânse fertelt oer de befrijingsaksje fan de seehûn

(advertinsje)
(advertinsje)