Twa kear brân yn trije jier tiid by kleanmakker: "Dacht dat het een grap was"

04 feb 2020 - 20:01

Foar de twadde kear yn trije jier tiid hat der brân west by kleanmakker en waskerij Modres op It Hearrenfean. Eigener Ali Sepet waard yn july 2017 foar de earste kear troffen. Doe koe er net werom nei syn âlde plak. In heal jier nei de brân iepene er in nije saak en dêr ûntstie tiisdeitemoarn wer brân.

"Ik dacht eerst dat het een grap was, toen de politie mij belde. Maar toen ik hier kwam, zag ik dat het echt was. Ik was helemaal van slag en viel flauw. Gelukkig werd ik weer op de been geholpen", seit de 64-jierrige Sepet, dy't yn Turkije berne is.

Fan de ynboel is hast neat mear oer. Oer de oarsaak is noch neat bekend, forinsyske spesjalisten sille in ûndersyk ynstelle. Yntusken betinkt Sepet in plan om de saak op 'e nij op te bouwen. "Ik kan niet anders, het leven gaat door en ik wil door. Gelukkig krijg ik heel veel steun van mensen uit Heerenveen." Dy stipe krige hy nei de earste brân ek, fertelt syn freon Wout de Jong. "Elkenien hjirre gunt Ali it alderbêste. It is sa'n goeie en leave man. Wy sille him wer helpe."

Eigener Ali Sepet oer de brân

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân Modres
(advertinsje)
(advertinsje)