GroenLeven krijt ûntheffing fan ministearje foar mega-sinnepark Easterwâlde

It bedriuw GroenLeven fan It Hearrenfean krijt fan it ministearje fan Ekonomyske Saken in ûntheffing foar de fierdere ûntwikkeling fan it grutte sinnepark by Easterwâlde. Earder lei de rjochtbank Noard-Nederlân de oanlis fan it park stil, omdat der gjin tastimming wie fan it ministearje.
It sinnepark by Easterwâlde © Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf hie al in fergunning foar it park jûn. De Fryske Milieu Federaasje hat dêr beswier tsjin makke, omdat sy it sinnepark in oantaasting foar it lânskip fine.
Der is noch gjin útspraak yn de beropssaak fan de Fryske Milieu Federaasje tsjin de gemeente Eaststellingwerf. It is noch ôfwachtsjen oft de rjochter de ûntheffing fan it ministearje fan Ekonomyske Saken genôch fynt om it park ôf te bouwen. As dat net sa is moat de proseduere hielendal oer en dat kostet in soad tiid.
It park by Easterwâlde is mei 50 megawatt it grutste sinnepark fan Fryslân, it oerflak is likegrut as 77 fuotbalfjilden. GroenLeven hat foar it park in saneamde SDE-subsydzje, it giet om stipe fan maksimaal 64 miljoen euro.