Unrêst yn Oerterp oer leechfleanrûte F-35: "Zo'n kabaal is niet leuk om mee te maken"

De stoarm om de nije leechfleanrûte fan de F-35 liket wat ôf te nimmen mei de ferklearring fan Definsje der op it stuit gjin ferlet fan te hawwen. Dochs makket Metha de Bruin, ynwenner fan Oerterp, har noch grutte soargen oer de rûte. It doarp leit krekt ûnder de leechfleanrûte fan de strieljager.
leechfleanrûte Oerterp
De Bruin hat al jierren yn bistepensjon yn Oerterp. Ferline wike fleach de F-35 oer har hûs. Dat makke in protte lawaai en soarge foar ûnrêst by har bisten. "Vanuit het niks kwam de F-35", begjint De Bruin har ferhaal. "Dat gaat met zo'n kabaal, dat is niet leuk om mee te maken."
De bisten yn it pensjon wiene fan 'e slach. De hûn naaide út en ek de hynders wiene net te bedimjen. Se krigen der stress fan, sa tinkt De Bruin. Kalmearje wurdt dan ek dreech, want by it iene bist moat dat oars as by it oare. "Dat is dus een hele toestand."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Brief oan Twadde Keamer

De Bruin is bliid mei it berjocht fan Definsje dat se de rûte foarearst net mear brûke. Mar se hopet wol dat dy definityf skrast wurdt. Om har boadskip krêft by te setten, hat sy in brief skreaun oan de Twadde Keamer. "Daarin uit ik mijn zorgen over het feit dat de rust weg is." Se hat lykwols noch gjin reaksjes hân op de brief. "Maar hopelijk komt dat nog en keert de rust terug."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It doarpsbelang fan Oerterp is ek dwaande mei de kwestje. Sy binne op it stuit de reaksjes út it doarp oan it sammeljen. Woansdeitejûn hat doarpsbelang in gearkomste en sille sy nei alle gedachten de leechfleanrûte behannelje.
Metha de Bruin út Oerterp oer de impact fan it leechfleanen