Steatefraksje PvdA: ûnderhâld en marketing 11Fountains net dúdlik regele

04 feb 2020 - 17:44

De Steatefraksje fan de PvdA fynt dat it ûnderhâld fan en de marketing foar 11Fountains noch net dúdlik regele is. Dêrom hat de fraksje fragen steld oan Deputearre Steaten.

De fontein yn Starum - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De PvdA-fraksje jout oan dat Kletterdei as iepening fan it toeristeseizoen wer foar de doar stiet. Mar der is net dúdlik wa't der foar de marketing fan de fonteinen ferantwurdlik is. PvdA wol witte oft Merk Fryslân hjir in rol yn spilet.

Fierder is ek net bekend wa't de fonteinen ûnderhâlde moat. "De gemeenten zijn verantwoordelijk voor het onderhoud van de fonteinen, maar het is onduidelijk of de intentieverklaring tussen de provincie en gemeenten inmiddels is ondertekend," jout Jaap Stalenburg fan de PvdA oan.

(advertinsje)
(advertinsje)