Man yn Dokkum yn boarst stutsen om Gucci-shirt en himp

04 feb 2020 - 17:41

De stekpartij yn Dokkum op 19 oktober ferline jier, gie om in Gucci t-shirt en himp. Dat waard tiisdei dúdlik op de proforma-sitting. Trije dagen nei de stekpartij waarden trije fertochten oanholden: twa Dokkumers fan 19 en 21 jier en in 17-jierrige Ljouwerter. Der is noch in fjirde fertochte: in minderjierrige út Ljouwert.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

It ûndersyk is neffens offisier fan justysje sa goed as klear. Der moat noch ien tsjûge heard wurde. Op 9 april sil de saak foar de rjochtbank behannele wurde.

Op 19 oktober waard in man fan 23 jier út Ljouwert berôve. Hy waard slein en mei in mes yn it boarst stutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)