Provinsje freget net wer Europeeske subsydzje oan foar slûsferbreding

Fryslân sil gjin nije Europeeske subsydzje-oanfraach yntsjinje foar de ferbreding fan de slûs by Koarnwertersân. Dat seit deputearre Avine Fokkens. De provinsje hat dat yn de ôfrûne jierren trije kear besocht, mar alle kearen om 'e nocht.
© Camjo Media
De subsydzje-oanfragen soene net oan de Europeeske regels foldwaan. It jild foar de bredere Lorentzslûs moat no op in oare manier byinoar krigen wurde. Njonken jild fan de ferskate oerheden moatte de ûndernimmers dy't baat hawwe by in bredere slûs, lykas skipsbouwers en ferladers, mei-inoar 26,5 miljoen euro bydrage.
Yn totaal moat de regio 88,5 miljoen euro meibetelje. De rest fan it hast 200 miljoen euro kostjende projekt wurdt betelle troch it Ryk.
Deputearre Avine Fokkens