PAL GrienLinks fielt betrouwen en wol troch yn koälysje Ljouwert

PAL GrienLinks wol troch yn de koälysje fan gemeente Ljouwert. Ofrûne wike is GrienLinks-wethâlder Herwil van Gelder opstapt om't hy gjin draachflak fielde foar syn plannen om de tekoarten op de WMO (Wet maatschappelijke ondersteuning) oan te pakken. Neffens de partij is it barren harren net 'in de koude kleren gaan zitten,' mar wolle sy wol ferantwurdlikens nimme.
PAL GrienLinks-fraksjefoarsitter Evert Stellingwerf © PAL GroenLinks
Neffens de fraksje is der wiidweidich sprutsen oer hoe't it fierder moat mei de fraksje en de koälysje. De fraksjeleden tinke dat der wol foldwaande betrouwen is om troch te gean mei de gearwurking mei de koälysje.
Dêr jout de fraksje twa redenen foar. Foarst fynt de fraksje dat Ljouwert foar grutte útdagingen stiet as it giet om soarch, earmoede, wenjen en finânsjes. Dêr wol de fraksje net foar wei rinne. Twads is der yn de koälysje noch genôch reeëns om it betrouwen en de gearwurking te werstellen.

WMO-portefúlje nei in oar

Wol is mei de koälysje de ôfspraak makke dat de WMO-portefúlje nei in oare wethâlder giet, fan in oare partij. PAL GrienLinks sil ynkoarten petearen hâlde mei mooglike wethâlderskandidaten.