Bestjoerder wurdt yn ien nacht twa kear oanholden en moat bestelbus ynleverje

04 feb 2020 - 16:52

In bestjoerder fan 28 jier is yn de nacht fan moandei op tiisdei twa kear oanhâlden troch de plysje. Hy krige bekeuringen foar fjouwer oertrêdingen en boppedat in rydferbod.

Foto: Plysje

Earst waard de man om healwei ienen hinne oanholden op de Kelders yn Ljouwert. Hy ried yn in bestelbus, mar hie in rydbewiis dat ûnjildich ferklearre wie. Boppedat wie er ûnder ynfloed fan drugs. Njonken de bekeuringen foar dizze oertrêdingen krige er in rydferbod oplein.

Letter yn de nacht, om fjouwer oere hinne, waard er opnij oanholden. Diskear op de A32 tusken Wurdum en Reduzum. Hy krige in bekeuring foar it wegerjen fan in bloedproef en ek foar it riden wylst er in rydferbod hie. De plysje hat syn bestelbuske yn beslach nommen.

(advertinsje)
(advertinsje)