Man oanholden foar meitsjen fjoer op grêfheuvel Ljouwert

04 feb 2020 - 16:43

De hanthavening fan Ljouwert hat moandei in man oanholden yn de Ljouwerter Bosk. De man besocht allerhanne guod yn 'e brân te stekken om in fjoer te meitsjen. Dat die de fertochte op in grêfheuvel, dy't yn 1993 oanlein is om grêfstiennen fan de eardere Westertsjerke in nij plak te jaan.

De fertochte hat in boete krigen om't er ferskate dingen skansearre hat en net op it plak fjoer meitsje mocht. Neffens hanthavening moat der ek it ien en oar wersteld wurde op de grêfheuvel.

(advertinsje)
(advertinsje)