Bedriuwslibben biedt Twadde Keamer 26,5 miljoen oan foar brede slûs Koarnwertersân
In delegaasje fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW hat tiisdei de Twadde Keamer 26,5 miljoen euro oanbean as bydrage oan it breder meitsjen fan de slûs by Koarnwertersân. Skipswerven út Fryslân, Oerisel, Flevolân en Noard-Hollân wolle dat jild opbringe troch alle kearen as in breder skip troch de slûs fart, dat dêr in bydrage foar betelje te litten.
It liket VNO-NCW it handichst as de provinsje Fryslân as inisjatyfnimmer fan de brede slûs dat jild ynbart. In spesjale kaderwet moat dizze konstruktsje mooglik meitsje.
Troch dit oanbod hopet it bedriuwslibben de realisaasje fan de brede slûs tichterby te krijen. Skipswerf De Vries yn Makkum stiet derom te springen. Op de werf wurde no al geregeld skippen boud of ferboud dy't net troch de slûs by Koarnwertersân passe. Dat betsjut alle kearen omfarre oer Amsterdam.
It ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân sil neffens VNO-NCW sawat 3.000 ekstra wurkplakken opsmite by skipswerven en bedriuwen dy't oan de skipswerven leverje. De bedriuwen fine it it earlikst om de eigen bydrage oan de slûs betelje te litten neffens it gebrûk dat se fan de slûs meitsje.
"Dan krijg je een gelijk speelveld voor iedereen", seit Laurens de Lange fan VNO-NCW Midden. Mar der sit ek in oare motivaasje achter: it bedriuwslibben fielt der neat foar om de miljoenen op it kleed te lizzen, wylst noch hieltyd ûndúdlik is wannear't it projekt oplevere wurdt.
Minister Cora van Nieuwenhuizen wie oant no ta net entûsjast oer dy konstruksje, omdat se dy as in soarte fan tol beskôget. Mar neffens de bedriuwen is hjir gjin sprake fan, want it giet ommers om it útfieren fan in yn 't foar fêstleine ôfspraak.
De Twadde Keamerleden reagearren optein op de petysje en de byhearrende cheque fan 26,5 miljoen. "In delegaasje út it Noarden dy't jild bringt yn plak fan dat se dêrom freegje, dat is wol bysûnder", seit Twadde Keamerlid Aukje de Vries út Ljouwert.
Stieneke van der Graaf (CU) hat it oer in 'mooi gebaar'. Sy wol de minister freegje om der wurk fan te meitsjen en te sjen oft dy kaderwet Koarnwertersân foar it ynbarren fan de bydragen fan de bedriuwen der ek komme kin.
De kommende maitiid hat de Twadde Keamer wer oerlis oer de brede slûs fan Koarnwertersân. Dan wurdt grif ek praat oer it oanbod fan it bedriuwslibben. Wat de oanwêzige bedriuwen oanbelanget kin it net hurd genôch. "Liever vandaag dan morgen", seit Sijbrand de Vries fan de skipswerf út Makkum. "Wij staan te popelen."