Achtkarspelen dielt fergees nêstkastkes út om ikeprosesjerûp te bestriden

04 feb 2020 - 16:23

Gemeente Achtkarspelen dielt yn febrewaris 1.000 nêstkastkes út om de ikeprosesjerûp te bestriden. De kastkes moatte fûgels oanlûke lykas blaumiezen en blokmiezen. Dy fûgels wurde op natuerlike wize 'ynset' om it tal ikeprosesjerûpen te ferminderjen, dy't foar in soad oerlêst soargje.

Ikeprosesjerûpen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It útdielen is in reaksje op in moasje fan FNP en GrienLinks, dy't ôfrûne jier oannommen is. Wethâlder Max de Haan seit oer de aksje: "Door nu te investeren in natuurlijke vijanden, zoals het ophangen van nestkasten, ontstaat er een gezond ecosysteem, waarbij de eikenprocessierups niet de overhand krijgt."

500 foar ynwenners, 500 foar Fûgelwacht

De nêstkastkes wurde makke troch meiwurkers fan it houtwurkplak De Klamp en stichting MOA fan Surhústerfean. Fan de 1.000 kastkes komt de helte beskikber foar ynwenners fan de gemeente. Op is op, jout Achtkarspelen oan.

De ynwenners dy't in kastke wolle, wurdt wol frege om by te hâlden oft it hokje troch fûgels bewenne wurdt. De gemeente wol ek witte hokker fûgels. De oare 500 kastkes pleatst de Fûgelwacht op iken yn de gemeente.

Op 18 febrewaris wurde de earste nêstkastkes weijûn by De Spitkeet op De Harkema.

(advertinsje)
(advertinsje)