Massaazje foar kankerpasjinten: "Je kunt eindelijk even wegdromen"

"Je kunt eindelijk even wegdromen en uit die confronterende wereld zijn." Dat seit Miriam van der Wal. Se hat ferline jier de diagnoaze boarstkanker krigen en hat sûnt dy tiid kontakt mei masseuze Anneke Jonker-Nicolaas. Dy jout massaazjes spesjaal foar kankerpasjinten.
NIJ Massaazje foar kankerpasjinten
Presys in jier lyn moeten de twa froulju inoar, op wrâldkankerdei. "Ik was in het Medisch Centrum Leeuwarden voor onderzoeken omdat mijn borstkanker net was ontdekt. Anneke stond daar met haar stand voor massages en sprak mij aan", fertelt Van der Wal út Drachten. Se is ien fan de 590 Fryske froulju dy't yn 2019 de diagnoaze foar boarstkanker krigen hat. Foar har in momint om nea mear te ferjitten. "Ik ben nog nooit zo dicht bij de dood geweest. De wereld zakt onder je weg en je komt in een rollercoaster terecht."

Foar de bûtenwrâld is it klear, foar de pasjint net

No giet it gelokkich folle better mei de sûnens fan Miriam. De kanker is fuorthelle en by de kontrôle liket it ek goed te wêzen. Allinnich hâldt dat net yn dat it proses klear is. "Voor de buitenwereld is het nu misschien klaar als de kanker weg is, maar voor mij begint het nu pas. Ik ben zo gespannen geweest in die tijd, dat komt er nu allemaal uit."
Dat is ek krekt de reden dat Anneke Jonker-Nicolaas mei dit wurk begûn is. "Ik kwam mensen tegen in mijn praktijk die ziek waren en vertelden wat voor spanning het met zich mee bracht. Ze hebben geen tijd om bij zichzelf stil te staan en bouwen daardoor spanning op." Jonker-Nicolaas hat dêrnei in oplieding folge dy't spesifisearre is op massaazjes foar kankerpasjinten en jout se al sân jier by ferskate sikehûzen en by minsken thús.

In momint fan rêst

Miriam fertelt dat neist alle neisoarch fan it sikehûs de massaazjes fan Anneke wol echt wat teheakje oan har proses. "Het ziekenhuis is top hoor. Je wordt van alle kanten geholpen, bijvoorbeeld fysiotherapie en een psycholoog. Maar elke keer als ik daar ben, ben ik een kankerpatiënt. Dat heb ik met de massages niet. Het is een moment van rust."
Op tiisdei 4 febrewaris is it Wrâldkankerdei. Mear as 220 organisaasjes as ynrinhuzen, fysioterapeuten en sikehuzen organisearje allerhanne aktiviteiten mei-inoar.