Grutte Tsjerke yn Hylpen krijt opknapbeurt nei 40 jier

04 feb 2020 - 15:50

De ferve kaam los fan it plafond, de keuken wie nedich oan ferfanging ta en it oargel moat in laachje goud ha. It ynterieur fan de Grutte Tsjerke fan de protestantske gemeente yn Hylpen is oan in opknapbeurt ta en wurdt de kommende tiid flink ûnder hannen nommen.

Alle bankjes yn de tsjerke binne fakkundich skjirre en krije in nij likje ferve. Yn stee fan âldrôze wurde se krêm-wyt. It ferwulft is al yn in djipblauwe kleur ferve. Dit is net samar betocht. Troch in kleuretest en ûndersyk nei wat der earder op de bankjes oan ferve sitten hat, krijt de tsjerke no dizze styl. Om't it in ryksmonumint is, hat dat proses trije jier duorre.

Foarsitter Karel de Jong fan de tsjerke yn Hylpen is tige wiis mei de resultaten oant no ta: "Boppe ferwachting. We hawwe wol wat foto's sjoen dy't se fantefoaren ynkleure hiene en ik fyn it hartstikke moai wurden." De tsjerke giet ek mei de moderne tiid mei, want yn de nije keuken sit in ôfwaskmasine.

Foto: Omrop Fryslân

De opknapbeurt moat sawat 100.000 euro kostje. Om it finansjeel mooglik te meitsjen, is it tsjerkegebou Irene yn it sintrum fan Hylpen ferkocht. Dat wie in dreech beslút om't in soad âldere minsken goede oantinkens ha oan it plak. "By dy âlderein docht it sear", seit De Jong.

Resepsjes fan brulloften, mar ek kofje en koeke nei begraffenissen yn gebou Irene brocht minsken byinoar. Mar om't de tsjerke gjin subsydzjes krijt en goed ûnderhâld nedich hat om't it in ryksmonumint is, hiene se gjin oare kar.

De tsjerke sil nei alle gedachten ein maart klear wêze. Oant dy tiid wurde de tsjerketsjinsten yn gebou Irene hâlden.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)