Muzykteäterstik yn Boalsert nei oanlieding fan Europeesk referindum

04 feb 2020 - 14:52

Yn Boalsert wurdt yn septimber in grut iepenloftmuzykteäterstik opfierd oer it referindum dat yn 1952 yn de stêd hâlden waard. Der wurdt oan meiwurke troch profesjonals lykas it Broken Brass Ensemble, mezzosopraan Janneke Schaareman en Theun Plantinga. Der binne ek sechstich amateurspilers nedich. Dy kinne har fan no ôf opjaan foar de audysjes.

De achtertún fan it Weeshûs yn Boalsert - Foto: Omrop Fryslân

It stik hat de titel 'Hid Hero en het referendum' en it wurdt opfierd yn de achtertún fan it Weeshûs. Yn Boalsert wie yn 1952 in referindum oer Europeeske gearwurking. Dat Boalsert, en ek Delft útkeazen wiene foar dit referindum kaam troch de befolkingsgearstalling. Dy wie represintatyf foar hiel Nederlân. It stik lit op teatrale wize sjen wat yn Boalsert plakfûn doe't dat nijs bekend waard.

It skript foar de foarstelling komt fan Bouke Oldenhof. Regisseur is Bruun Kuijt en muzikaal lieder Luc Hudenpohl. It sil yn septimber tsien kear opfierd wurde. Dat it Broken Brass Ensemble meidocht, is bysûnder, want it is foar it earst dat it selskip him weaget oan muzykteäter.

Mear ynformaasje oer it projekt en oer de audysjes is te lêzen op www.hidhero.nl

Bouke Oldenhof

(advertinsje)
(advertinsje)