HEA! Jesse van Wieren is 'hot' op TikTok

04 feb 2020 - 14:25

Hy is hiel populêr op TikTok en hat 260.000 folgers. Jesse van Wieren fan Kollumersweach is 'the bomb' op dizze app. De 17-jierrige Jesse pleatst alle dagen grappige filmkes en dûnskes op TikTok dy't dan wer tsientûzenen kearen besjoen wurde. Foaral bern tusken de 10 en 14 jier binne gek op de app. Jesse wurdt dan ek oeral werkend troch syn fans.

(advertinsje)
(advertinsje)