Mooglike wolf by De Gordyk blykt hûn te wêzen

04 feb 2020 - 14:01

Rint der in wolf by De Gordyk om, of dochs net? Der komme op ynternet in soad reaksjes op in filmke fan in mooglike wolf, dy't oan 'e râne fan in greide yn de omjouwing fan De Gordyk en Terwispel rint.

Foto: Twitter @Groenadvies

In soad minsken op sosjale media tinke dat it om in wolf giet. Mar neffens wolve-ekspert Glenn Lelieveld giet it lykwols dúdlik om in hûn. "Dat wordt vooral duidelijk door de witte staartpunt", sa fertelt hy.

"Bij wolven is de staartpunt zwart en is de staart in zijn geheel behoorlijk korter. Wolven lopen over het algemeen ook soepeler dan honden."

Wolve-ekspert Glenn Lelieveld

Trefwurden: 
hûn wolf De Gordyk
(advertinsje)
(advertinsje)