NEF as hûndertste bedriuw lid fan Sirkulêr Fryslân

De Vereniging Circulair Friesland hat ôfrûne moandei, op de earste dei fan de Wike fan de Sirkulêre Ekonomy, syn hûndertste lid ferwolkomme. Wurk-learbedriuw NEF út Dokkum makket tenei diel út fan it netwurk fan Fryske bedriuwen, kennisynstellingen, oerheden en (maatskiplike) organisaasjes dy't mei-inoar wurkje oan in sirkulêre ekonomy.
Houkje Rijpstra, Jan Knol en Stientje van Veldhoven © Sirkulêr Fryslân
Direkteur Jan Knol fertelt: "Wij zijn lid geworden van Circulair Friesland omdat we onze ecologische voetafdruk willen verkleinen. Dit past bij onze maatschappelijke opdracht." De earste sirkulêre stappen binne al set. It bedriuw makket gebrûk fan elektrysk busferfier en is healwei 2021 it nije enerzjyneutrale gebou fan NEF klear. "Op dit moment onderzoeken we nog hoe we het gebouw circulair kunnen inrichten."

Sirkulêre ekonomy

Sirkulêr Fryslân waard begjin 2016 oprjochte troch 25 bedriuwen en oare organisaasjes. It ledetal groeit sûnt dy tiid hieltyd flugger. "Dat we vier jaar na oprichting ons honderdste lid welkom mogen heten, bewijst wel dat de circulaire economie echt leeft in onze provincie", fertelt algemien direkteur Houkje Rijpstra.
NEF waard as nijste lid, mei it 98ste en 99ste lid, feestlik ûnthelle by it jierlikse diner fan Sirkulêr Fryslân, ôfrûne moandei yn Ljouwert. Minister fan Miljeu en Wenjen, Stientje van Veldhoven, joech by it diner in ynspiraasjespeech oer de sirkulêre ekonomy. Sy neamde Sirkulêr Fryslân in "koploper en inspirerend voorbeeld".

Lid 101

Deputearre Sander de Rouwe joech yn syn taspraak oan hoe grutsk hy is op de gearwurking yn Fryslân, en dat it al ta moaie resultaten laat hat. Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean hat him al meld as lid nûmer 101.