Waadferiening: Foarkommen skea troch 'hân oan de kraan' liket yllúzje

04 feb 2020 - 13:16

De Waadferiening wol gjin nije gaswinning op grûn fan âld belied. Dêrmei wurdt winning mei de 'hân oan de kraan' bedoeld: minder gas út de grûn helje, as de grûndelgong grutter wurdt en de seespegel heger wurdt. In ûnôfhinklike kommisje set fraachtekens by de effektiviteit fan de hân oan de kraan-metoade.

It Waad by Koehoal - Foto: Remco de Vries

It foarkommen fan skea troch gaswinning mei de hân oan de kraan liket in yllúzje, stelt de Waadferiening. Omdat it seewetter rapper omheech komt as ferwachte en de grûn ûnfoarsisber en ûnbehearsber sakket, driigje it tal drûchfalgebieten ôf te nimmen. Troch nije gaswinning ta te stean op basis fan âld belied faalt it Nederlânske regear yn de beskerming fan dit wrâlderfgoed. Itselde jildt foar sâltwinning.

Hân oan de kraan-winning is net ôfdwaande, fynt de Waadferiening. De grûndelgong hâldt net fuortendaliks op as de kraan tichtgiet. De grûn kin dan noch fierder sakje. Dat hat út ûndersyk troch in ûnôfhinklike kommisje bliken dien.

Gaswinning by Ternaard

Twa nije winprojekten sette meikoarten útein: gaswinning ûnder de Waadsee en foar in part ûnder lân by Ternaard en sâltwinning by Harns. De minister fynt dat it kin, omdat dêrby it hân oan de kraan-prinsipe tapast wurdt.

De Waadferiening wol in nij ûnôfhinklik ûndersyk troch it Staatstoezicht op de Mijnen nei it âlde hân oan de kraan-belied foardat nije winning úteinsette meie.

(advertinsje)
(advertinsje)