Aksjegroep filmet hinneslachterij, neat yllegaals te sjen, fynt slachterij

Undersyksgroep Ongehoord foar dierewolwêzen hat in filmke nei bûten brocht oer hinneslachterij Van der Meer yn Dronryp. Van der Meer leveret hinnen oan de biologyske winkels fan EKO Plaza. Op it filmke is te sjen hoe't de hinnen binnenkomme en hoe't se oan de poaten ophongen wurde. Neffens de slachterij is neat yllegaals te sjen op de bylden.
© Ongehoord
De aksjegroep wol dat minsken mei de bylden in earlik byld krije fan hoe't it om en ta giet yn in slachterij. Dêrnei kin de konsumint sels útmeitsje oft hy of sy wol of net fleis yt, fertelt Johan Boonstra fan Ongehoord.
Wytze van der Meer fan de hinneslachterij seit dat op de bylden neat te sjen is wat net mei. Wol hawwe syn meiwurkers stoer praat op de wurkflier, seit er. Net te sjen is dat de hinnen echt oer it mes hinnegean.
Ferline wike kaam Ongehoord nei bûten mei bylden fan in bargeslachterij yn IJsselstein. Dêr kaam in soad reaksje op en der wurde no ek fragen oer steld yn de Twadde Keamer.