Definsje: gjin behoefte om leechfleanrûte yn gebrûk te nimmen

04 feb 2020 - 11:42

Definsje hat op dit stuit gjin behoefte om de leechfleanrûte boppe Fryslân wer yn gebrûk te nimmen. Mar as der yn de takomst net mear yn it bûtenlân oefene wurde kin of as de drigingssituaasje tanimt, soe dy behoefte wol ûntstean kinne.

De leechfleanrûte oer it easten fan Fryslân mei al sûnt 2002 net mear brûkt wurde. Dat is fanwegen lûdsoerlêst en de lizzing fan it fleanfjild by Drachten. Fleantugen fan Definsje mochten dêr op 75 meter heech oefenflechten útfiere.

De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Onno Falkena yn Den Haag

Neffens in wurdfierder fan Definsje is gjin fergunning oanfrege foar de leechfleanrûte, mar hat der allinne ûndersyk west nei militêre fleanaktiviteiten. Dêr falle de leechfleanrûten ek ûnder. As Definsje yn de takomst eventueel wol in fergunning oanfreegje sil, dan wurdt dat yn oerlis mei de belutsen provinsjes en gemeenten dien.

Notysje prematuer

Oer de opskuor dy't ûntstien is oer mooglike leechfleanrûten boppe Fryslân, seit Definsje dat de earder útlis ûngelokkich en prematuer is. Der waard yn in notysje skreaun dat de loftmacht de leechfleanrûte boppen Fryslân wer yn gebrûk nimme woe.

Trefwurden: 
definsje leechfleanrûte
(advertinsje)
(advertinsje)