Fûgelbeskerming begjint petysje tsjin Portugeesk fleanfjild om skries te rêden

04 feb 2020 - 07:40

De Nederlânske Fûgelbeskerming komt yn aksje tsjin de komst fan in fleanfjild yn Portugal. Dat klinkt nuver, mar dat hat alles te krijen mei ús nasjonale fûgel: de skries.

It kweldergebiet dêr't it fleanfjild foar Lissabon komme moat, wurdt brûkt troch in soad fûgels as tuskenstop, yn harren lange reis nei Nederlân en Fryslân. Neffens saakkundigen en fûgel-organisaasjes sille fleantugen de fûgels ferjeie.

Gjin tiid om te brieden

Dêrtroch komme de fûgels letter yn Fryslân oan en is der hast gjin tiid mear om te brieden foar't der hjir meand wurdt. Dêrom komt ek de Nederlânske Fûgelbeskerming yn aksje: fan tiisdei ôf kin der in petysje tsjin it fleanfjild tekene wurde.

Neffens Kees de Pater fan de Fûgelbeskerming is dat wichtich om oan it Portugeeske regear sjen te litten dat it nije fleanfjild sa net kin. "De Nederlandse petitie is vooral om extra druk uit te oefenen op de Portugese overheid. Wij vinden het een slecht plan, Portugal heeft een internationale verantwoordelijkheid om de grutto's te beschermen."

Skries yn plasdras - Foto: Gerrit Harmen Rypma

Kees de Pater fan de Fûgelbeskerming

En it giet net allinne mar om de skriezen, mar ek om in soad oare fûgels. "Het gaat bijvoorbeeld ook om andere watervogels. Er wordt in het gebied een hoop wetenschappelijke onderzoek gedaan, bijvoorbeeld door de Rijksuniversiteit Groningen. Zij kunnen ons eventueel ondersteunen bij een mogelijke rechtszaak."

Petysje

De petysje kin fan tiisdeitemiddei ôf op ynternet tekene wurde en komt op de webside fan de Fûgelbeskerming. "De petitie bieden we vervolgens aan de Portugese regering aan, bij de ambassade."

(advertinsje)
(advertinsje)