Noch mar trije Fryske gemeenten heffe hûnebelesting

04 feb 2020 - 06:50

Hieltyd minder gemeenten heffe hûnebelesting. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Yn Fryslân binne it allinnich de gemeenten Flylân, Smellingerlân en Ljouwert dy't yn 2020 noch ynkomsten hawwe út dizze belestingen.

Foarbyldfoto fan in hûn - Foto: Shutterstock.com

Foarich jier hefte ek It Hearrenfean noch hûnebelesting. No binne der dus noch mar trije gemeenten oer. De djoerste fan de trije is Flylân. Dêr betellet in hûne-eigener yn 2020 goed 78 euro foar in jier, en foar in twadde hûn 121 euro.

Yn Smellingerlân is it 66 euro yn it jier en in twadde hûn kostet 95 euro. De gemeente Ljouwert freget ûngefear itselde: 66 euro foar in earste en 100 euro foar in twadde hûn.

Hûnebesitters binne it djoerste út yn de gemeenten Grins (125 en 310 euro) en Den Haag (120 en 308 euro).

(advertinsje)
(advertinsje)