Ferdieldheid yn Aldskou oer mooglikheden foar nije brêge

Rykswettersteat ûndersiket de mooglikheden foar it ferfangen fan de brêgen by Spannenburch, Aldskou en Twellingea. De brêgen binne ferâldere en moatte ferfongen wurde. By Aldskou moat yn 2026 in nije oereferbining yn it Prinses Margrietkanaal oplevere wurde.
© Omrop Fryslân, Diana de Groot
Moandei wie de earste ynformaasjegearkomste dêr't fuort al in soad minken op ôfkamen. Alle opsjes bin noch iepen en Rykwettersteat nimt it leafst fuort de pleatslike befolking mei om ta in plan mei draachflak te kommen.
De oergong by Aldskou is ûnderdiel fan de haadfarwei Lemmer-Delfzijl. De brêge dy't der no leit is fan 1949 en foldocht net mear. Dat hat mei de technyske steat fan de brêge te krijen, mar ek mei de tanimmende drokte op it wetter en de spanning tusken berops- en rekreaasjefeart. Alle farianten dy't duorsum en feilich binne én foldogge oan de easken fan de grutte skipfeart, komme yn 'e beneaming.

Akwadukt

Oer it feit dat de brêge ferfongen wurde moat, wie eins elkenien it wol iens. Oer wat derfoar yn plak komme moat net. Sa waard sein dat der eins hielendal gjin grutte brêgen mear boud wurde moatte, mar akwadukten. Oaren seinen lykwols dat se dat in te grutte yngreep yn it beboude lânskip fûnen.
Neffens omwenner Yke Visser is it moai dat Rykswettersteat de minsken der no al by belûkt, mar binne der wol soargen oer hoe't it allegear komt. "As je in akwadukt bouwe, krijst in opsplitsing fan it grûngebiet. Se kinne ek besykje de nije brêge op deselde hichte te hâlden", seit Visser. "De talúds dy't der no lizze, kinne je dan oanhâlde. Grut probleem wurdt dan wol de trochstream by de bou."

Grutte ympakt

De ympakt sil hoe dan ek grut wêze en yn it lytse buorskip bin dêr wol soargen oer. Der komme noch meardere mooglikheden om mei te praten yn de planfaze en ek as de plannen der lizze, kin wer ynsprutsen wurde.
Op 5 en 6 febrewaris binne der ek noch ynformaasjegearkomsten oer de brêgen by Spannenburch en Twellingea.
Omwenner Yke Visser oer de mooglike nije brêge