Wer twa fertochten oanhâlden foar brannen yn Drachten

04 feb 2020 - 06:11

Nei de resinte konifeare- en kontenerbrannen yn Drachten hat de plysje moandeitejûn opnij twa fertochten oanhâlden. Ien persoan ûntkaam oan de plysje. De twa fertochten dy't wol oanhâlden wurde koene, binne oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert.

Foto: De Vries Media

Bewenners fan de wyk de Wiken murken moandeitejûn dat der brân stichten waard en bellen de helptsjinsten. Unopfallende aginten dy't earne oars oan it surveillearjen wiene, giene der fuortendaliks op ôf.

Efterfolging

De trije jongeren naaiden út doe't se de plysje opmurken. In tal aginten op 'e fyts sette mei plysje-auto's de efterfolging yn. Ien persoan koe al gau oanhâlden wurde. De oare fertochte waard in skoftke letter op de Langewyk oanhâlden troch aginten yn boarger.

(advertinsje)
(advertinsje)