Frysk bou- en ferhierbedriuw wurkje gear

03 feb 2020 - 22:07

Twa Fryske bedriuwen geane in bysûndere gearwurking oan: Jorritsma Bouw bringt al har materieel oer by Sijperda Verhuur fan Snits. Dat betsjut dat it boumaterieel tenei net mear by it boubedriuw te finen is. It binne de earste bedriuwen dy't binnen Nederlân op sa'n wize gearwurkje.

Bouplak - Foto: ANP

Beide bedriuwen hawwe in oerienkomst sletten foar in perioade fan fiif jier. It betsjut dat it ferhierbedriuw al yn 't foar meitinkt hokker materieel der nedich is op in bouplak. It hâldt yn dat der minder kosten makke wurde, mar ek dat der effisjinter en duorsumer wurke wurdt. In part fan de wurknimmers fan it boubedriuw wurdt detasjearre nei it ferhierbedriuw.

Trefwurden: 
Snits boubedriuw ferhier
(advertinsje)
(advertinsje)