Kabinet lûkt mooglik hûnderten miljoenen út foar útkeapjen boeren

03 feb 2020 - 21:24

Guon lûden yn Den Haag sizze dat it kabinet inkelde hûnderten miljoenen euro's útlûkt om boeren út te keapjen dy't ophâlde wolle. Boeren dy't wol trochgean wolle, moatte stipe krije om harren bedriuw duorsumer te meitsjen.

Foarbyldfoto fan in buorkerij - Foto: Shutterstock.com

Dizze stappen wurde naam om de delslach fan stikstof tsjin te gean. Op dit stuit wurdt der noch sprutsen binnen de koälysje en mei provinsjes. Mar freed moat der in brief foar de Twadde Keamer lizze mei maatregels. De koälysjepartijen wolle safolle mooglik boeren útkeapje, ek as dêr ekstra jild foar nedich is.

Hoefolle jild der krekt frijmakke wurdt foar boeren dy't yn ruil foar in bedrach ophâlde wolle, is noch net bekend. Neist de nije regeling, dy't bedoeld is om de stikstofdelslach fan de agraryske sektor te ferminderjen, oerwaget it kabinet de regeling dy't ein foarich jier oankundige is om geuroerlêst tsjin te gean, út te wreidzjen.

It kabinet stelde dêr 180 miljoen foar beskikber en krige folle mear oanmeldings as ferwachte. De koälysje wol sa folle mooglik boeren dy't oan de betingsten foldogge, útkeapje. Ek as dêr ekstra jild foar nedich is.

Trefwurden: 
boeren kabinet útkeapje
(advertinsje)
(advertinsje)