Wetterskip set plannen foar baggerdepots by Raard troch

De baggerdepots fan Wetterskip Fryslân by Raard komme der dochs. Dat is de útkomst fan in petear tusken Wetterskip Fryslân en de fûgelwacht Raard-Brantgum. Neisoargers fan dy fûgelwacht kamen earder yn it gewear tsjin de komst fan twa baggerdepots, om't se ticht op greidefûgelgebieten lizze dêr't ferline jier in soad skriezen en oare greidefûgels oan it brieden wienen.
De oanlis fan in baggerdepot © Thom Feddema, Fûgelwacht Raard-Brantgum
Der is tweintich jier lang wurke en ynvestearre om yntinsive greiden sa om te foarmjen dat de skriezen en noch folle mear fûgelsoarten der graach briede wolle. De fûgelwacht is der wis fan dat de 1,40 meter hege depots derfoar soargje sille dat dy fûgels takom maitiid der net mear wêze wolle.
Neffens it wetterskip is der gjin better plak foar it baggerdepot. Yn it petear hat it wetterskip lykwols tasein dat der yn takomst better sjoen wurde sil nei de gefolgen foar de omjouwing.
Foar it gebiet by Raard smyt dat lykwols neat op, want de depots komme der dochs al. Thom Feddema fan de neisoargers fan Raard-Brantgum is teloarsteld yn de útkomst fan it petear. "Wy foarsjogge in grutte fersteuring", seit er. Hy hopet dat soks op oare plakken yn Fryslân net barre sil.

Dwarsmear

Yn totaal stoart it wetterskip 75.000 kante meter baggerslib yn twa greiden. Dy stikken greide moatte noch oanlein wurde en komme súdlik fan de Dwarsmear by Raard te lizzen.
It baggerwurk duorret oant 1 july. De Holwerter Feart is ûnder it baggerjen tusken moandeis en freeds net te brûken foar de feart. Yn it wykein wol. De Raerder Feart bliuwt befarber.
Bagger is in laach fan sân, slib en oare lagen op de wetterboaiem dy't alle jierren sa'n twa sintimeter groeit. Dat is in natuerlik proses. De laach ûntstiet bygelyks troch deade wetterplanten.